De Fûke De Fûke

De Fûke

    • $13.99
    • $13.99

Publisher Description

Yn it reid en de dize fan de Tsjûkemar hâldt in fisker him leaver bûten alles: hy wol fiskje en mei syn húshâlding rêde. Mar de Twadde Wrâldoarloch lit him net gewurde. As in motorfyts yn 'e moarnsskimer oer de reed oankomt, folget in razzia dy't alles op 'e kop set.

Mei ûnderdûkers yn 'e buert, in joads fanke yn 'e hûs en in soan dy't syn eigen paad giet, wrakselet de fisker mei plicht en ynstinkt. Yn it ferhoar, achter tichte doarren en ûnder it each fan mannen dy't alles al lykje te witten, wurdt elke fraach in strûp: wat wit er, wat wol er witte, en wat hat in minske der foar oer om 'derbûten' te bliuwen?

De Fûke is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is in roman dy't sjen lit hoe't in ienfâldich libben oan 'e wetterkant ynienen feroaret yn in striid tusken libben en dea en jo as lêzer by de strôte pakt.

GENRE
Fiction & Literature
RELEASED
2026
November 5
LANGUAGE
FY
Western Frisian
LENGTH
120
Pages
PUBLISHER
Uitgeverij Bornmeer
SELLER
eBoekhuis B.V.
SIZE
1.9
MB
Feroaring fan lucht Feroaring fan lucht
2026
The Trap The Trap
2016