Moard yn tsjerke Moard yn tsjerke

Moard yn tsjerke

    • $6.99
    • $6.99

Publisher Description

De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke.

Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk.

Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek "De Blomkes" neamd.

Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins krekt yn it testamint?

In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn in searje oer "De Blomkes". Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn 'e hite hei.

GENRE
Fiction & Literature
RELEASED
2021
December 22
LANGUAGE
FY
Western Frisian
LENGTH
115
Pages
PUBLISHER
Elikser B.V. Uitgeverij
SELLER
eBoekhuis B.V.
SIZE
889.9
KB
Shit my mar lek Shit my mar lek
2014
It iene hellet it oare út It iene hellet it oare út
2021
Moard yn 'e hite hei Moard yn 'e hite hei
2018
Allegearre snie Allegearre snie
2015